Selecteer een pagina
Nije dichtbondel fan Elske Kampen: swietlûdige fersen foar koadebrekkers | Resinsje

Nije dichtbondel fan Elske Kampen: swietlûdige fersen foar koadebrekkers | Resinsje

In ik, in do, in famke, in hûs: Elske Kampen hat yn Net fiksearre hûs net folle spikers noadich om har fersifere refleksjes oan te pronk te hingjen.
‘[D]er sille dagen komme’, hat Tiny Mulder skreaun, ‘dat de mem tsjin it bern seit / helje my in healpûn kofje / in pak sâlt / en in bondeltsje gedichten’. Stel no, dat bern komt thús mei de nijste, sechsde bondel fan Elske Kampen (1955, Burdaard). Dan liket it wol wis dat mem oan it striken fan de boesgroentsjes en it ôfstofjen fan de piano foarearst net takomme sil. Want mem – of heit, of jo poëzijskôger – is fuort net klear mei Net fiksearre hûs .
Kampen har dichterslûd is sûnt har debútbondel Fan glês it brekken (2010) wat toan, technyk en muzikale taalbehanneling oanbelanget himsels aardich gelyk bleaun. Yn regelmjittige foarmen mei in soad swietlûdige binnenrimen jouwe har fersen in wrâld wer fol mei yntroverte, suver solipsistyske fertellers. Hieltyd rinne dy nei hoe’t se wurden binne sa’t se binne, en dogge dêrfan oan de lêzer ferslach yn de foarm fan oanwizingen.

Ofrûne ynterpretaasjes

Mar har ferslaggen – gedichten – fersette har sa troch de tiid hinne yn tanimmende mjitte tsjin ôfrûne ynterpretaasjes. Yn de nije bondel moat de lêzer hieltyd op syk nei basisynformaasje. Wa is hjir yn geheimtaal oan it wurd: de auteur fan no, it famke fan doe, in ding miskien? En tsjin wa praat de ferteller eins: tsjin in ‘do’ dy’t in heit is, in broer, in lover, de ferteller sels, in lêzer, of, alwer, in ding miskien?
De ‘ik’ yn de bondel is faak sawol fertellend observator as talich en byldzjend keunstner. ‘[I]k lit de hannen riede’, ‘ik kear my fan it finster ôf’, ‘ik meitsje ljocht en skriuw’, ‘ik meitsje dy licht hjoed’, ‘ik kleurje dy yn in houtskoalswarte rok’, ‘ik twing ta koele krimp’. Mar somtiden is de ‘ik’ ek it famke fan doe: ‘ik wol sûnder skuon nei skoalle’, ‘ik bin bang foar razende mannen’.
In weromkommend motyf is dat fan it hûs, ek in favoryt fan bygelyks dichter Jabik Veenbaas. It is in ‘net fiksearre hûs’: in hûs dat gefaar rint om te fersakjen om’t de fûneminten net ferstevige binne. Ek hjir in protte oantsjuttingen: it is in ‘swijend hûs’, ‘it hûs docht kâld en ûnferskillich’, ‘gjin grip foar hân of foet dit hûs’, ‘hûs sûnder doarren’, ‘jout ús hûs beskûl’.
It hûs is in metafoar, mar foar wat? It hûs as jins jonkheid, it hûs as it ferline dat de auteur bewarje wol, Obe Postma syn sizzen yndachtich: ‘’t Hat west, it is’? Stiet it hûs foar de poëzij? De 24 fersen ferdield oer sân skiften jouwe har antwurden net samar – of hielendal net – priis. ‘Waskguod strui ik / as suggestje om dy hinne’, seit it fers Skets. En: ‘Myn hân krijt dy net helder’.
Unbepaaldheid
Dy ûnbepaaldheid sil guon lêzers fassinearje, mar by oaren miskien ek yrritaasje oproppe. Yn dat ramt komt de klassike esseebondel fan Susan Sontag, Against Interpretation and Other Essays (1966), my yn ’t sin. Wol Kampen ek begripen as ynhâld en betsjutting fierhinne ynruilje foar yndruk en fielen? Dat ferwizingen nei de bûtenwrâld (de maatskippij) folslein ûntbrekke yn de bondel wiist dêr ek op.
Ik soe sizze: helje aansens behalve in healpûn kofje en in pak sâlt ek de nijste Kampen. Ferjit dat boesgroentsje mar. Puzelje sels.
Elske Kampen, Net fiksearre hûs. Gedichten (Utjouwerij Afûk, Ljouwert 2023) 17,50 euro
Nije dichtbondel fan Elske Kampen: swietlûdige fersen foar koadebrekkers | Resinsje

Meitsje ljocht en skriuw | resinsje dichtbondel Elske Kampen

De dichtbondel ‘net fiksearre hûs’. 

Wa’t de wurklikheid fêstlizze wol, dy kin dat dwaan mei bylden en taal. 

In skilderij kin kleuren en sfear fan lang lyn wer yn it sin bringe. In ferhaal kin itselde dwaan. Yn har fiifde dichtbondel docht Elske Kampen dat mei har bylden en gedichten. Se leit de wrâld om har hinne fêst. Tagelyk docht se ek wat oars. Yn har bondel net fiksearre hûs is in byld of in gedicht gjin fêststeand gegeven. 

Dat begjint al yn it earste gedicht mei de rigels: ‘Riede, ik lit de hannen riede / wa’t him oanhie foar it lêst.’ It giet om in âlde boartersbroek. Wat hat dy broek allegear meimakke? De dichter leaut ‘de fingerwizing nei it easten / net en kear my fan it finster ôf. / Meitsje ljocht en skriuw.’ 

Besteande foarwurpen krije sa in eigen libben. Wat Kampen docht is it tapassen fan de Aldgrykse bestjutting fan it wurd ‘poëzij’: meitsje en skeppe. 

It is gjin tafal dat yn dy bewegende wrâld myten in rol spylje. Myten binne ommers de ferhalen fan it oerbegjin dêr’t grinzen dizenich binne. Sa giet it gedicht ‘transformaasje’ oer in heislike myte: ‘Lida, Lena, de lichtliddige riedt er en hy wol / dyn namme witte. Tonge dêrmei boartsje litte.’ It is in nije ferzje fan Leda dy’t troch Zeus as swan ferkrêfte wurdt. Sa binne der mear gedichten mei de horror fan myten dy’t dy lyk yn it gesicht sjocht. 

Tagelyk is der ek romte foar gedichten oer de bernetiid. De toan is dêr oars yn bygelyks it gedicht: ‘Tún. Wêrom bisto hjir hurd en op / oare plakken sacht. Myn reade broek / hâldt as ik fal gjin sear fan stiennen tsjin.’ 

De kombinaasje fan gedicht mei byld ropt in eigen sfear op. Sa komt it skerpe read fan in byld werom yn it gedicht It sjongen : 

Ik kom boppe mei in mes read as 

in skieding. Read as in brêge by’t simmer oer 

de Spree. Ien kleur om de histoarje fan stêd en 

mins te witten. Ien byt naam út it gehiel. 

Sa út en troch is der wol temin lykwicht as it giet om taal en byld. Guon gedichten hawwe tefolle taal by in byld lykas by it gedicht ‘Fan alles twa’ dêr’t byld hast ferdwynt yn te lang gedicht. Dat is spitich, want op de measte plakken is dat lykwicht der wol. 

Elske Kampen hat mei net fiksearre hûs in bondel makke mei in grut palet oan kleuren, sfearen en ferhalen. In bondel ek dy’t fragen opropt oer hoe’t wy ús ferhâlde ta wat wy wurklikheid neame. Soks is allinne mar knap te neamen. 

★★★★

Albertina Soepboer 

Nije dichtbondel fan Elske Kampen: swietlûdige fersen foar koadebrekkers | Resinsje

net fiksearre hus

Net fiksearre hûs is de zesde poëziebundel van Elske Kampen. Ze roept hierin een wereld op die ligt tussen de werkelijkheid van een eenvoudig Ru-schaaltje in Museum Princessehof en de onwerkelijke thuiskomst van iemand die niet bestond. Dichten is voor Elske een vorm van ordenen en harmonie scheppen. De drang van de versvorm dwingt haar om tot de essentie te komen.

Bestellen kan hier Afûk

ISBN : 9789493318090

Nije dichtbondel Elske Kampen: Ntrije55

Nije dichtbondel Elske Kampen: Ntrije55

‘Simmer 2017 rûn ik tal fan kearen oan ‘e westkant fan Hurdegaryp by de N355 del. Ik socht dêr om lyts yndustrieel ôffal, lykas bygelyks eintsjes tou, stikjes metaal, glês en keunststof. Dy fynsten, losrekke fan in eardere funksje yn in grutter gehiel, wiene ferwurden ta tafallige foarmen en dêrmei beskikber foar my om in nije betsjutting oan te jaan.’

 

De gedichten yn dizze bondel Ntrije55 hat Elske Kampen skreaun nei oanlieding fan dit materiaal. Dêrmei set se in folgjende stap op har paad om poëzy te skriuwen op grûn fan hieltyd abstrakter byld. De bylden yn de bondel binne fan deade matearje, mar roppe poëzy op dy’t oer it libben giet.

 

Trochgong

Ik fyn in letterteken yn ’e berm. Krij it op

en nim it mei. It foel ien ta de mûle út dy’t

skrok of dy’t begrutsjen hie. Bewûndere of

eangstich wie. No stjoert it teken my.

 

 

Auteur: Elske Kampen

ISBN: 9789493159228

Tal siden: 75

Utjouwer: Afûk

Priis: 17,50

 

Te keap yn de boekhannel of fia de webwinkel fan de Afûk.