Selecteer een pagina

Eftergrûn



Eftergrûn


Elske Kampen waard berne yn Burdaard yn 1955 en groeide op yn Burgum.

Se folge de pedagogyske akademy en de learareoplieding tekenjen, dat lêste foaral om har eigen byldzjend wurk te ûntwikkeljen.

Letter kaam dêr it skriuwen by. Sy folge poëzykursussen by Tsjêbbe Hettinga en Abe de Vries by Tresoar.

Neidat se trije kear in Rely Jorritsmapriis wûn hie, kaam yn 2010 har debútbondel Fan glês it brekken út.

Dichtsje is foar Elske in foarm fan oarderje en harmonij skeppe. De twang fan de fersfoarm twingt har om ta de essinsje te kommen.