Home

Fan glês it brekken is ien fan de tsien boeken dy’t op de Frankfurter Buchmesse presintearre wurde sille. Freed 27 septimber 2013 om 16.00 oere is de presintaasje fan de brosjure 10 Books from Friesland yn Tresoar, sjoch:

http://www.sirkwy.nl/item/235/nieuws-detail

Fan glês it brekken fan Elske Kampen is ien fan de sân nominearre dichtbondels dy’t selektearre binne foar de Gysbert Japicx Priis 2013.
De Gysbert Japicxpriis is de grutte priis fan de Fryske literatuer, neamd nei de santjinde-ieuske Fryske renêssânsedichter Gysbert Japicx. De priis is yn 1947 ynsteld troch it Provinsjaal Bestjoer en wurdt tsjintwurdich om de twa jier útrikt, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzij. It Provinsjaal Bestjoer hat dit jier foar it earst besletten dat der mei in fan tefoaren bekendmakke shortlist wurke wurdt. De priiswinner wurdt bekendmakke op it boekefeest yn Tresoar op 13 septimber 2013.

Dit is it gedicht / Dit is het gedicht fan Elske Kampen is ien fan de fjouwer nominearre wurken foar de Simke Kloosterman Priis 2013.

De oare trije nominearren binne Eppie Dam (Fjouwer dappere mûskes), Lida Dykstra (Knipperke) en Thys Wadman (De oerwinnings fan Tido Houtsma). De priis foar Frysktalige jeugdliteratuur, dy’t bestiet út in oarkonde en € 3500, wurdt op 24 maaie útrikt.

Freed 12 oktober 2012 hat Elske Kampen sawol de Fedde Schurerpriis foar it bêste debút fan de trije jier foarôfgeand oan de útrikking as de Fedde Schurerpublykspriis wûn foar Fan glês it brekken.

 

Ut it sjueryrapport: ” ‘In eksposee fanwurdrykdom en taalbehearsking’, neamde Eppie Dam yn de Ljouwerter Krante de bondel Fan glês it brekken fan Elske Kampen en Cornelis van der Wal fûn yn it Friesch Dagblad de bondel sels no al ‘ in klassiker’. Dat binne grutte wurden foar in earsteling, mar se binne terjochte. De ienheid yn tematyk en de ûnderlinge gearhing fan de fersen yn Fan glês it brekken waarden ek troch de sjuery bewûndere.”