‘Man en mem’ nominearre foar Gysbert Japicxpriis 2017

Man en mem fan Elske Kampen is ien fan de fiif nominearre dichtbondels dy’t selektearre binne foar de Gysbert Japicx Priis 2017. Dizze grutte priis fan de Fryske literatuer is neamd nei de santjinde-ieuske Fryske renêssânsedichter Gysbert Japicx. De priis is yn 1947 ynsteld troch it Provinsjaal Bestjoer en wurdt tsjintwurdich om de twa jier útrikt, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzij. De winner wurdt op sneon 14 oktober 2017 yn Boalsert bekendmakke. Lês fierder by Ensafh.

 

Nije bondel Elske Kampen: Ynbyld

Yn april 2017 is der in nije bondel fan Elske Kampen ferskynd:

 

 

 

 

 

 

 

 

 

In full colour-útjefte mei byldzjend wurk fan de dichteres/keunstneres.

 

Bin ik op in eilân en inkeld mei myn each kin ik

de see berikke, wylst ropt in twingjend freegjen

yn my om alles wat it sjocht te neamen.

 

Mar leaver as te neamen, graaf ik.

Krij in skeppe en bûgje my foaroer en graaf.

En iepen-ticht en iepen-ticht is wylst it wikseljen

fan tij in núnderjend gerdyn, binne myn knibbels

wiet fan it heechspringend wetter en moarn

myn boksen mei bedrûge skom it wyt bewiis

dat ik hjir werklik wie.

 

Utjouwerij Afûk

€ 17,50

61 siden, ynbûn

ISBN: 9789492176486

 

Te krijen yn de boekhannel of fia de webside fan de Afûk.

 

Nije bondel Elske Kampen: Man en mem

Op sneon 24 maaie 2014 is de nije dichtbondel fan Elske Kampen ferskynd: Man en mem.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Hjirby twa gedichten út de bondel, foarlêzen troch Elske:

See en stien: https://www.youtube.com/watch?v=5MghI_ImVBA

As wurd ik in sirkel: https://www.youtube.com/watch?v=SquwYQ8Kjgw

 

Ut de resinsje fan Eppie Dam, LC 1 july 2014

By alle moais oan taal en ideeën dat de bondel op letterlik elke side jout, giet boppe alles út it skift Opnij in beam: tsien like trochwurke as transparante fersen ynspirearre op Jacoba van Heemskerk, oait de froulike Mondriaan neamd. Subtyl en oertsjûgjend tekent Elske Kampen de ûntwikkeling by de skilderes fan figuratyf nei abstrakt. Hieltyd mear, krekt as wol ek sy har wurk opnij útfine, skimert troch de ‘ik’ fan Jacoba de ‘ik’ fan Elske hinne.
It binne allegear de ikken fan Elske yn Man en mem. Ikken dy’t har bewege tusken wat stilstiet en streamt, útskroeven is en yn himsels keard, itselde bliuwt en feroaret. By wa’t sa minslik en fynfielend it folsleine wêzen fan it ‘ik’ wit te ferkennen en beneamen, falle wurden as manlik en froulik wei. ‘Unsidich bin ik yn myn sletten hûs (.) / fan alles yn my wol ik neat ferlieze’. Wat in winst foar de poëzy.

Elske Kampen wint beide Fedde Schurerprizen

Freed 12 oktober 2012 hat Elske Kampen sawol de Fedde Schurerpriis foar it bêste debút fan de trije jier foarôfgeand oan de útrikking as de Fedde Schurerpublykspriis wûn foar Fan glês it brekken.

 

Ut it sjueryrapport: ” ‘In eksposee fanwurdrykdom en taalbehearsking’, neamde Eppie Dam yn de Ljouwerter Krante de bondel Fan glês it brekken fan Elske Kampen en Cornelis van der Wal fûn yn it Friesch Dagblad de bondel sels no al ‘ in klassiker’. Dat binne grutte wurden foar in earsteling, mar se binne terjochte. De ienheid yn tematyk en de ûnderlinge gearhing fan de fersen yn Fan glês it brekken waarden ek troch de sjuery bewûndere.”