Resinsje Eppie Dam yn LC 21-4-2017

Klinkend gehoar jaan oan in twingend freegjen

*****

Titel: Ynbyld

Auteur: Elske Kampen

Utjouwer: Afûk. Priis: 17,50 euro (64 siden)

Elske Kampen, skilder mei wurden, is net benaud foar read, giel en blau. Yn har nijste bondel Ynbyld siket se fan kleuren de ûnderlizzende lagen. De ik yn har fersen bereizget it spektrum fan dei en nacht, waarmte en kjeld, witten en twivel. It hiele palet fan it wûndere, wankele minskebestean.

Yn it iepeningsfers – in opmjitte – ferriedt de ik dalik al har swakste plak. Hár, want de ik hat in froulike geast en wennet yn in froulik liif. ‘Inkeld yn it deiljocht en mei dyn fingerseinen / kinst fan myn hier nei nekke gean want dêr is / it machteleaze, leaver net forsearje.’ Dêr leit dwersens, sit lilkens, skûlje kalmte en huver, wachtsje friksje en langstme. Inkeld ‘dyn fingerseinen’ meie deroan komme. Leaver net skansearje ‘want dêr is it tear ferlet’ en ‘tusken hier en mûle is myn tearst gebiet’.

De trije skiften dy’t folgje binne ien klinkende ûntginning fan it geastlik lânskip fan de dichter. Warleas lânskip, mar ynwindich moedich en fitaal: ‘Sa ljocht wurd ik, sa huning-giel en ljocht / omdat de dei noch net foarby is en ik mei / earmen wiid en holle achteroer heech boppe / de soerstâlbrune râne tusken loft en lannen / driuw en sûnder gewicht en neaken / sa de pearse nacht yngean.’ Sa sintúchlik en yntins kin it libben omearme wurde.

‘Myn eigen skiednis skriuw ik’, seit Elske Kampen yn it lêste skift. ‘Soeverein fan tean / oant fingerseinen bin ik en krekt sa werklik as ik / mysels betinke kin.’ Mar wat is soeverein as tagelyk ergens op ’e wrâld tatebern stjerre yn it earste rôs, ‘as fleis fan kealtsjes dy’t amper libbe ha’. Ek dat heart in dichter mei te krijen dy’t har bondel Ynbyld neamt, fan harsels wit dat de stap nei binnen har natuerlike oanlis is.

Yn it slotfers – in neiskrift – lit de dichter har spagaat sjen. Leaver as dingen ûnder wurden bringe, soe se grave, drave, swimme. Fysike aktiviteiten, op it frijbliuwende ôf, mar ûndertusken spilet de dichtersgeast op en ‘ropt in twingend freegjen / yn my om alles wat it sjocht te neamen’. Sa ferplichtsjend is it dichterskip.

Elske Kampen har hiele bondel is in tear gebiet. Dat plak tusken hier en nekke is it terrein fan de poëzy. Dêr toant de dichter in kwetsberens dy’t fan ús allegear is, leit se troch har eigen iepenstellen minskegeheimen bleat. Fertrouwend op de fingerseinen fan de lêzer dy’t wit wat er oanreitsje mei en lizze litte moat.

EPPIE DAM

Nije bondel Elske Kampen: Ynbyld

Yn april 2017 is der in nije bondel fan Elske Kampen ferskynd:

 

 

 

 

 

 

 

 

 

In full colour-útjefte mei byldzjend wurk fan de dichteres/keunstneres.

 

Bin ik op in eilân en inkeld mei myn each kin ik

de see berikke, wylst ropt in twingjend freegjen

yn my om alles wat it sjocht te neamen.

 

Mar leaver as te neamen, graaf ik.

Krij in skeppe en bûgje my foaroer en graaf.

En iepen-ticht en iepen-ticht is wylst it wikseljen

fan tij in núnderjend gerdyn, binne myn knibbels

wiet fan it heechspringend wetter en moarn

myn boksen mei bedrûge skom it wyt bewiis

dat ik hjir werklik wie.

 

Utjouwerij Afûk

€ 17,50

61 siden, ynbûn

ISBN: 9789492176486

 

Te krijen yn de boekhannel of fia de webside fan de Afûk.